Ljouwert en B'him wurkje gear

27 sep 2007 - 09:54

Der komt in gearwurking tusken Ljouwert en Boarnsterhim. De twa gemeenten wolle ûnder oaren personiel útwikselje en gearwurkje op it gebiet fan administraasje, automatisearring, tsjinstferliening en oanbesteging.

It inisjatyf foar de gearwurking komt fan de gemeente Boarnsterhim, dy wol himsels sa minder kwetsber meitsje. Meikoarten sille de twa gemeenten in oerienkomst slute, dêr't de gearwurking yn regele wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)