Ljouwert earet Mata Hari

15 okt 2001 - 00:00

De 84e stjerdei fan Mata Hari hat moandei ynternasjonaal omtinken krigen. Yn Ljouwert is in plein neamd nei de âld-ynwenner, berne as Margaretha Zelle.

Yn Parys wurdt besocht it proses tsjin de fermiende dûbelspionne wer te iepenjen. Tal fan mediaploegen wienen dêrby oanwêzich. It kin noch wol in jier duorje ear't dúdlik is oft de saak wer op 'e nij op it aljemint komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)