Ljouwert: drankrider oanhâlden

21 jan 2009 - 09:53

In 21-jierrige ynwenner fan Ljouwert hat tiisdei syn rydbewiis ynleverje moatten, omdat er mei tefolle drank op achter it stjoer siet. De man waard op de Snitsertrekwei yn Ljouwert oanhâlden en omdat de plysje tocht dat er tefolle dronken hie, moast er mei nei it buro foar in asemanalyze.

De útslach koste him syn rydbewiis, in prosesferbaal en in rydferbod fan acht oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)