Ljouwert: drankrider oanhâlden

25 des 2008 - 15:31

De plysje hat yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei it rydbewiis ynfoardere fan in Ljouwerter (26). De plysje seach de man oer de Doelestrjitte riden en hold him oan foar in blaastest. De man waard oanslutend nei it buro brocht foar in ademanalyze.

Ut de analyze die bliken dat de man tefolle drank hân hie. Omdat it om in begjinnend automobilist gie waard it rydbewiis fan de man ynnommen en ek prosesferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)