Ljouwert draacht Fryslân 2018

17 maaie 2011 - 16:00

Ljouwert sil foar Fryslân flaggedrager wêze foar de Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018. Dat makke wethâlder Diks tiisdei bekend op it stedhûs fan Ljouwert. Lange tiid woe de provinsje dat hiel Fryslân kulturele haadstêd fan Europa wurde. Europa easket lykwols dat in stêd him oanmeldt en dêrom is Ljouwert no nei foaren skood.

De kar foar Ljouwert is opfallend om't de stêd dwaande is flink yn it kultuerbudzjet te snijen. Sa moat sintrum foar de keunsten Parnas ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)