Ljouwert Culinair yn Blokhús

12 sep 2009 - 13:54
  • De Blokhúspoarte yn Ljouwert

Ljouwert Culinair fynt dit wykein foar it earst plak yn de Blokhúspoarte. Op it binnenplak fan de eartydse finzenis presintearje tolve hoarekabedriuwen har mei lytse hapkes en drankjes.

Oare jierren waard it evenemint op it Aldehouster Tsjerkhôf holden, mar dat slagge dit jier net. De opbringst fan it evenemint giet foar in part nei it bernekankerfûns KiKa. Wethâlder Marco Florijn iepene freedtejûn it feest dat sneon noch trochgiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)