Ljouwert Culinair: 20.000 euro

03 des 2012 - 09:54
  • Sicht op Ljouwert Culinair fan de Aldehou ôf

De tsiende edysje fan Ljouwert Culinair hat 20.000 euro opsmiten foar it goeie doel. De opbringst wurdt dield. De helte fan it bedrach giet nei bern yn Suriname. Fan it jild kinne sy in jier lang in waarm miel op skoalle krije. It Ronald McDonaldhûs Fryslân krijt 5.000 euro en inselde bedrach giet nei de Stifting SUN. Dy helpt minsken mei finansjele problemen.

Op it Aldehoustertsjerkhôf koe it publyk yn septimber yn it ramt fan Ljouwert Culinair allerhanne hapkes priuwe. Der diene dit jier 22 restaurants oan de manifestaasje mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)