Ljouwert bliuwt ynsetten op sluting wyksintrum Heechterp

25 aug 2015 - 19:21
  • Wethâlder Harry van der Molen

De sluting fan it wyksintrum fan Heechterp-Skieringen giet hoe dan ek troch. Dat seit wethâlder Harry van der Molen. It duorret allinnich wat langer as yn earste ynstânsje tocht waard. Tiisdei woe de gemeente de doarren eins al op slot hawwe, omdat neffens harren it bestjoer min funksjonearre.

Sa soe it wyksintrum te faak ticht wêze en soene oare organisaasjes net genôch gelegenheid krije om aktiviteiten yn it sintrum te organisearjen.

Neffens wethâlder Van der Molen wurdt yn stee dêrfan no de subsydzje oan it bestjoer ôfboud en sil oer in pear moanne it sintrum dochs noch ticht moatte. As der dêrnei in nij bestjoer sit kin it sintrum wer iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)