Ljouwert bliuwt kearn Achmea

05 des 2013 - 11:20
  • De Achmeatoer yn Ljouwert

Fersekerder Achmea hâldt Ljouwert as kearnlokaasje. Woansdei waard bekend dat de fersekerder bot besunigje moat en dêrom 4000 meiwurkers dien jaan sil. Hoefolle ûntslaggen der yn Fryslân falle, is noch net bekend. Ek wit Achmea noch net wannear't dat wol dúdlik wêze sil.

Yn Ljouwert wurkje 1500 minsken by de fersekeringsbedriuwen fan Achmea. Soarchfersekerder De Friesland is ûnderdiel fan Achmea, mar falt bûten de reorganisaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)