Ljouwert: betrouwen yn Achmea

20 nov 2004 - 16:16

De gemeente Ljouwert hat betrouwen yn de maatregels dy't Achmea nimt om de stiennen platen oan de Achmeatoer better fêst te setten. Dat seit boargemaster Dales. Freed foel der foar de tredde kear yn trije jier tiid in swiere plaat nei ûnderen. It gie om in plaat fan 'e tredde ferdjipping.

Boargemaster Dales is koart nei it ynsidint op 'e hichte brocht. Hy hat mei Achmea oerlein oer de maatregels om soks yn 'e takomst foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)