Ljouwert betellet net foar opfang yllegale frjemdlingen

10 nov 2015 - 07:25

Net ien frjemdling yn Ljouwert makket gebrûk fan de bêd-bad en bôleregeling wylst der neffens de tsjerken 60 minsken opfong wurde. De tsjerklike ynstellingen krije dêr gjin fergoeding foar fan de gemeente. Reden is dat de frjemdlingen anonym binne. Wethâlder Ekhart fan Ljouwert seit dat hy dan gjin fergoeding jaan kin foar de kosten dy't makke wurde.

De bêd-bad en bôleregeling is foar frjemdlingen dy't útset wurde moatte. It is de bedoeling dat de gemeente foar ûnderdak soarget en dêrfoar in fergoeding krijt fan it Ryk.

Nei 20 wiken wurde de minsken dan oerbrocht nei Ter Apel wêrnei't se weromstjoerd wurde nei it lân dêr't se weikomme. De tsjerken yn Ljouwert ha no krityk op de sunige hâlding fan de gemeente Ljouwert. Sy stelle dat se in soad jild kwyt binne foar it ûnderhâlden fan de gesinnen en wolle dêrom in bydrage fan de gemeente.

De gemeenteried prate moandei oer de regeling. De ChristenUnie wol dat de gemeente romhertiger omgiet mei de finansiering. Wethâlder Ekhart wol dêr lykwols net yn mei. Hy seit dat in gemeente ûnmooglik jild beskikber stelle kin foar in groep minsken dy't derfoar kiest anonym te bliuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)