Ljouwert betellet goed 2 ton sloopkosten fersakke huzen Grou

28 okt 2015 - 11:32
  • De Noarderdwersstrjitte yn Grou

B&W fan de gemeente Ljouwert stelt foar om de sloopkosten te beteljen fan in part fan de fersakke huzen oan de Noarderdwersstrjitte yn Grou. It giet om in bedrach fan yn totaal 203.000 euro, dat komt del op krap 22.500 euro per hûs. Dêrfan betellet de gemeente ek it bouryp meitsjen fan it terrein, de nije riolearring en in nije ynrjochting fan de strjitte.

Achttjin huzen yn de Noarderdwersstrjitte yn Grou fersakje, de fundearring is ferrotte en de huzen hawwe in protte skea. It oanbod fan de gemeente jildt foar njoggen keaphuzen.

Wenningboustichting Elkien wol 70% betelje fan de kosten fan nijbou, de restearjende 30% soene de bewenners mei help fan de bank sels betelje moatte. Wethâlder Isabelle Diks fan Ljouwert hat woansdeitemoarn by de bewenners west. Neffens har wiene dy bliid en ferromme dat se net langer yn ûnwissichheid sitte. De kommende tiid kinne se it beslút nimme oft se akkoart gean mei it oanbod.

Oare fersakke huzen yn de strjitte binne hierhuzen, dy sille ek sloopt wurde. Dêr komt ek nijbou foar yn it plak. De bewenners krije tydlik ûnderdak yn oare hierhuzen fan Elkien yn Grou.

De minsken dy't der noch wenje freegje al in healjier oan de wenningstichting en de gemeente om in oplossing. Yn augustus fan dit jier hie wenningboustichting Elkien de bewenners in bod dien om foar 40 persint fan de wearde de huzen oer te nimmen. De bewenners fûnen dat doe te min.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)