Ljouwert besuniget 14 miljoen

21 sep 2010 - 11:52

De gemeente Ljouwert moat oant 2014 14 miljoen besunigje. Hoefolle jild it Ryk op gemeenten besparret is noch net wis, dêrom hâldt de gemeente Ljouwert rekken mei noch gruttere finansjele tsjinfallers en ha se 29 miljoen yn de algemiene reserve setten. Der wurde ek tsjinfallers mei de grûnferkeap ferwachte, omdat de huzemerk noch hieltyd op slot sit.

Kultuer, de WMO en it jongerweurk binne de posten dy't flink ynleverje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)