Ljouwert besuniget 12 miljoen

17 sep 2012 - 10:19
  • Gemeente Ljouwert

De gemeente Ljouwert moat de kommende jierren 12 miljoen besparje, mar de bewenners sille der neat fan fernimme. Der wurdt sels dik trije miljoen euro oan de kant lein foar ynvestearrings. Ien fan de plannen is in nije iishal.

De besparring fynt foar it grutste part plak yn de apparaats- en bestjoerskosten. Sa smyt it net mear brûken fan it grutte gebou fan Parnas oan it Gouverneursplein yn Ljouwert in soad jild op. Fierder hat Ljouwert miljoenen achterútlein om nije maatregels fan it Ryk op te fangen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)