Ljouwert beset troch kabouters

06 sep 2012 - 14:27

De túnkabouters, dy't tongersdeitemoarn betiid op ferskate plakken yn Ljouwert opdûkten, binne in reklamestunt fan it keramykmuseum Princessehof. By de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân en ek op oare adressen yn Ljouwert stiene tongersdeitemoarn ynienen stienen kabouters by de doar.

Kommende snein wurde nochris 500 kabouters útsetten. It Princessehof hopet dat dy kabouters snein nei it museum brocht wurde, dêr't dan de túnkaboutermanifestaasje begjint as ûnderdiel fan de tentoanstelling 'Groen Geluk'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)