Ljouwert begjint mei tarieding oanpak stasjonsgebiet

17 jul 2015 - 15:14
  • In ympresje fan it fernijde stasjongebiet

De gemeente Ljouwert begjint nije wike mei de tarieding foar de oanpak fan it stasjonsgebiet. Fan 20 oant en mei 24 july wurde proefsluven oan de noard- en súdkant fan it stasjon groeven. Yn augustus wurde de riolearring en de liedings fan nutsbedriuwen by it perron ferlein. Alle foarsjennings en bedriuwen bliuwe berikber, mar as der wurke wurdt giet de yngong fan it stasjon oan de eastkant ticht. De kommende jierren wurdt troch de gemeente, provinsje, Europa, Prorail en de NS sa'n 22 miljoen euro ynvestearre yn it gebiet.

Fan dat jild wurde benammen de kuierrûtes rjochting binnenstêd ferbettere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)