Ljouwert: auto yn brân stutsen

05 okt 2010 - 10:25

Yn de Pieter Langendijkstrjitte yn Ljouwert is moandeitenacht in auto yn 'e brân stutsen. De dieder hat dêr nei alle gedachten in molotovcoctail foar brûkt.

Buertbewenners hearden flak nei tolven in knal en seagen fjoer by de auto. Se bellen doe fuortendaliks de brânwacht en de plysje. Neidat de brânwacht it fjoer útmakke hie, is de auto yn beslach naam foar spoare-ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)