Ljouwert: 60 km kabels omlizze

24 jul 2010 - 12:17

Om yn 2011 mei de werynrjochting fan it Drachtsterplein yn Ljouwert los te kinnen, moat earst sa'n 60 kilometer oan kabels en liedingen ferlein wurde.

De Verkley Groep út Drachten en oannimmer Hak fan It Hearrenfean begjinne fuortendaliks nei de boufak oan de put. It is foar it earst dat oannimmers yn dizze sektor as kombinaasje oparbeidzje. Foar it ferkear sil it wurk flink wat oerlêst opsmite. Om files foar te kommen, sil ek nachts en yn it wykein wurke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)