Ljouwert: 17 miljoen ekstra

25 sep 2006 - 10:14

De gemeente Ljouwert lûkt foar de kommende fjouwer jier hast 17 miljoen euro ekstra út foar in grut ferskaat oan ynfestearrings. Dat stiet yn de nije konseptbegrutting foar 2007.

Neffens B en W is dit nei ferline jier al de twadde kear dat der gjin yngrevende besuniging nedich is. It ekstra jild wurdt ûnder mear brûkt om minsken oan wurk te helpen. Der giet ek fiif miljoen nei in fûns foar ynfrastruktuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)