Ljochtynventarisaasje op see

04 okt 2011 - 11:59

De Fryske Miljeufederaasje en de Waadferiening bringe yn kaart hoe bot minsken nachts lêst hawwe fan ljocht. Minsken kinne dat oanjaan op in spesjale website. De lanlike Lichthinder Inventarisatie begûn moandei pas offisjeel, mar der kamen al hûnderten meldings binnen.

Moandeitejûn gie de Miljeufederaasje ek mei in boatsje it Waad op, om nei te gean hoe ljocht of tsjuster it dêr krekt is. It Waad is ien fan de tsjusterste plakjes fan Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)