Ljochtwedstriid Hearrenfean

31 okt 2010 - 09:43

Op It Hearrenfean is sneontejûn in ûntwerpwedstriid begongen foar enerzjysunige strjitferljochting. By de wedstriid wurde studinten útnoege om nije wizen fan ferljochting te betinken.

No jouwe gemeenten noch in soad jild út oan de ferljochting fan wenwiken. Dêr wol de gemeente Hearrenfean mei de ûntwerpwedstriid wat oan dwaan. Ek Grins en Assen dogge mei. In faksjuery en in groep bewenners sille de plannen fan de studinten besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)