Ljochtsjo op Museumplein

29 nov 2012 - 17:30

Drachten krijt in ljochtsjo op it Museumplein. It giet om in ynteraktive fliersjo en dat betsjut dat de minsken der foar soargje kinne dat de bylden op de strjitte feroarje. Se hoege allinnich mar troch de projeksje hinne te rinnen.

Doel is om it plein wat op te fleurjen. De ynstallaasje kostet 35.000 euro en wurdt yn it nije jier op de muorre fan de bibleteek montearre. It keunstwurk is in resultaat fan de kultuernota dy troch de gemeenteried oannaam is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)