Ljochtpriis foar Hearrenfean

23 des 2011 - 19:17

De gemeente Hearrenfean hat út hannen fan steatssekretaris Joop Atsma in wichtige Europeeske priis krigen foar de iepenbiere ferljochting.

De gemeente krijt de priis fan de Europeeske Uny om't de iepenbiere ferljochting yn de ôfrûne jierren folle miljeufreonliker wurden is. Der stiet minder ferljochting yn it bûtengebiet en der is keazen foar in enerzjysunige ferljochting. De priis is in plakette. Wêr't dy komt te hingjen is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)