Ljochtkrante foar skipfeart

21 apr 2009 - 16:34
  • (argyffoto)

Mei ljochtkranten op sinne-enerzjy wurde skipfeart en wettersport fan dizze simmer ôf warskôge foar aktiviteiten op it wetter. Oan de kant fan 'e Snitser Mar by it PM-kanaal is it earste boerd al delset.

Op it boerd wurdt elkenien op it wetter op 'e hichte brocht fan sylwedstriden. Mar ek in festiviteit lykas de iepening fan it kylboatsintrum ferline wike waard dêr op oankundige. Ynkoarten komt der ek in ljochtkrante by de Fonejacht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)