Ljochten yn Ljouwert oerdei út

20 jan 2010 - 11:54

De strjitferljochting yn Ljouwert sil net mear oerdei baarne. Enexis tinkt freed apparatuer te krijen om de strjitferljochting yn in tal wiken wer goed funksjonearje te litten. Al mear as in wike lang baarnt de ferljochting dei en nacht.

Enexis hat nije apparatuer besteld by in bedriuw yn Frankryk. Yn kranten sil it bedriuw ek advertinsjes pleatse om út te lizzen hoe't it kin dat de strjitferljochting ek oerdei oan is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)