Ljochten earder út yn T'diel

17 jun 2006 - 14:00

De strjitferljochting yn Tytsjerksteradiel moat koarter baarne om jild te besparjen. De gemeente wol útsykje of it goedkeaper is as de lantearnpeallen earder út gean.

Earder waard besletten om mear lantearnpeallen del te setten as in dyk opnij ynrjochte waard, mar dêr sjocht de gemeente no fan ôf. Der moet de kommende jierren foar goed in heal miljoen euro besunige wurde. Ek de hier fan folkstunen moat omheech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)