Ljocht út yn Fryslân

21 okt 2008 - 21:47

Op tal fan plakken yn de provinsje giet yn de nacht fan sneon op snein de ferljochting fan iepenbiere gebouwen út. Omdat it dan de Nacht fan de Nacht is, is it doel it oeral sa tsjuster mooglik wêze te litten. De gevels fan tal fan gemeentehuzen wurde dêrom net mear ferljochte mei skynwerpers.

Ek de swevende fytsbrêge yn Drachten sil net ferljochte wêze. Yn Ljouwert, Earnewâld en Grou binne fartochten yn it tsjuster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)