Ljocht út yn Achtkarspelen

20 aug 2012 - 19:39

Yn de gemeente Achtkarspelen wurdt op dit stuit in proef mei minder strjitferlochting hâlden. De gemeente moat besunigje en docht dat op alle posten yn de begrutting en dus ek op de iepenbiere ferljochting. Op guon plakken giet de ferljochting letter oan of baarnt op heale kracht. Op oare plakken baarnt om en om in lantearnepeal. De proef wurdt dien yn oerlis mei de pleatslike belangen yn de doarpen.

Wêr nedich wurde maatregels nommen om de feilichheid op peil te hâlden, lykas it pleatsen fan reflektorpealtsjes yn bochten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)