Ljocht min foar flearmûzen

20 okt 2008 - 17:09

Undersikers fan buro Altenburg & Wymenga ha mei sûchbisteferiening VZZ foar it earst bewiisd dat flearmûzen net goed oer ljocht kinne. Op ferskate plakken yn Fryslân, wêrunder Warkum, binne ljochtproeven holden. Dêr docht bliken út dat it ljocht wol ekstra ynsekten oanlûkt mar dat de flearmûzen dêr krekt minder troch ite.

Dat moat net, want flearmûzen binne beskerme bisten. Dêrom is it ek wichtich dat sa'n effekt foar it earst offisjeel bewiisd is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)