Ljippestân naam yn 2015 mei 40% ta yn agrarysk behearsgebiet

15 feb 2016 - 08:19
  • Ljip

Yn de gebieten fan it agrarysk greidefûgelbehear wiene yn 2015 folle mear ljippen as it jier dêrfoar, de groei wie mar leafst 40%. Dat stiet yn in ûndersyksrapport nei de stân fan de greidefûgels, yn dit saneamde fûgeltsjelân. It ûndersyk is dien troch ekologysk buro Altenburg en Wymenga, yn opdracht fan de provinsje.

Ien fan de mooglike oarsaken foar de groei fan it tal ljippen is de mûzepleach. It kealfretten gerslân is ideaal foar de ljip om op te brieden. Fierders hat de mylde winter in rol spile.

It ûndersyk is dien om te sjen oft it greidefûgelbehear, wêrby't boeren rekken hâlde mei it briedseizoen en dus letter meane, effekt hat.

Ofname op langere termyn

Mei de ljip is it dus ôfrûne jier hiel goed gien, mar neffens de ûndersikers is dat in ynsidint. Op de langere termyn, oer de ôfrûne 15 jier, is it tal greidefûgels yn de ûndersochte gebieten weromgien mei 2% per jier. Dat jildt foar de ûndersochte greidefûgels: de skries, de ljip en de strânljip. Mei de tsjirk giet it justjes better, dy is stabyl. Oer de ôfrûne sân jier is de stân fan alle greidefûgels ridlik stabyl. By de ljip is dizze stabilisearring folslein ta te rekkenjen oan de groei fan 40% yn 2015.

Konklúzje en advys

De ûndersikers neame de stabilisaasje fan de greidefûgelstân 'bemoedigjend'. Se fine dat it agrarysk greidefûgelbehear op de goeie wei is. Se advisearje om de kwaliteit fan behear en ynrjochting fan it fûgeltsjelân fierder te ferbetterjen. Minder drûchlizzing fan it lân, mear krûderyk gerslân en mear plas-dras gebieten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)