Ljippen fleane ek nei Portugal

16 jun 2010 - 14:02
  • De ljip ferrast de ûndersikers kear op kear

Ljippen geane winterdeis net allinnich nei Frankryk, mar ek nei Ingelân en Portugal. De fûgels geane dus nei folle mear lannen as earder oannaam waard. Fierder ferlitte de ljippen ek mar in koart skoft ús lân. Pas ein novimber, begjin desimber sette se ôf.

Dit docht bliken út ûndersyk fan fûgelringstasjon Menork. Yn 2007 hawwe 27 ljippen fan dit stasjon in logger krigen. Dat is in rinkje om de poat fan de fûgel. Sa is nei te gean wêr't de fûgels hinne geane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)