Ljippen briede by crossterrein

09 apr 2007 - 10:24

De Fûgelwacht Dokkum hat grutte soargen oer de autocross dy't Peaskemoandei riden wurdt by Dokkum. Ticht op de baan sitte ljippen te brieden en de fûgelwachters tinke dat de nêsten it lawaai en de grutte besikersoantallen net oerlibje sille.

Earder waard de autocross tusken Boarnwert en Raard hâlden. Dat yn de fergunning foar de autocross in oare lokaasje neamd waard, is de fûgelwacht Dokkum ûntgien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)