Ljipaaisykjen noch tastien

02 mrt 2005 - 07:17

Der mei fan tiisdei ôf wer ljipaaien socht wurde, ek al is in rjochtsaak oer it aaisykjen eins noch ûnder de rjochter. De rjochtbank yn Ljouwert hie earder tasein dat de útspraak foar de tiid komme soe. Wilens hat bliken dien dat der mear tiid nedich is foar in goeie útspraak. It kin noch wol twa wiken duorje foardat de útspraak komt.

De rjochtsaak is oanspand troch twa natuerbeskermingsorganisaasjes. Dy sizze dat it aaisykjen skealik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)