Ljipaai oanbean oan Ed Nijpels

10 mrt 2002 - 00:00

Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels hat snein it earste offisjele ljipaai fan Fryslân yn ûntfangst nommen. De finer, Wybren Bijlsma fan Tsjerkgaast, krige de tradisjonele Sulveren Ljip, in oarkunde en in finerslean fan 15 euro.

Bijlsma fûn it aaike sneontemiddei tusken Spannenburch en Wâldsein. Hy is yn it besit fan in aaisikerspaske.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)