Ljipaai It Amelân no al fûn

12 mrt 2012 - 09:30
  • Ljip

De 70-jierrige Cor de Boer fan Hollum hat sneintemiddei eefkes nei healwei seizen it earste ljipaai fan de gemeente It Amelân fûn. Oan de noardkant fan de Westergriewei fûn er in nêst mei dêryn in twake. It aai wurdt moandeitemiddei lottere op it gemeentehûs yn Ballum. It ljipaai wurdt oanbean oan boargemaster De Hoop yn ruil foar finerslean en in oarkonde.

It komt net faak foar dat it earste ljipaai fan It Amelân sa koart nei it earste ljipaai fan Fryslân fûn wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)