Ljepseizoen mei nije karbonpols

15 apr 2006 - 16:21

Fryske fierljeppers meie takom seizoen by wedstriden de nije karbonpols brûke. Dat hat it haadbestjoer fan it Frysk Ljeppers Bûn besletten. De bûn jouwt de ljeppers de kar om mei de âlde aluminiumpols te springen of mei de nije pols.

De karbonpols is in útfining fan Theun Scherjon út Burgum. Ferline jier waard der allinnich noch mei oefene. De ferwachting is dat de nije pols de aluminiumpols hurd ferdriuwe sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)