Ljeppershiem komt te keap

14 nov 2003 - 00:00

It rekreaasjesintrum Ljeppershiem by Westergeast moat oanlokliker wurde foar rekreanten. De gemeente Kollumerlân keapet it terrein oan de Lits-Lauwersmarrûte oer fan in stichting om it dêrnei iepenbier troch te ferkeapjen. De ôfrûne jierren is der net folle dien oan it terrein.

It sintrum sil útwreide wurde mei twa tennisbanen. De besteande tennisbanen by Westergeast kinne dan ferdwine om plak te meitsjen foar wentebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)