Frysk Ljeppers Boun wer folslein

26 apr 2012 - 11:50

It Frysk Ljeppers Boun hat wer in folslein bestjoer. Oardel wike ferlyn stapten foarsitter Jelle Roorda en sikretaris Hans Helmholt op, omdat se it net iens wiene mei de takomstplannen fan it bûn.

Jouke Jansma is no oansteld as nije foarsitter. Hy sil dy taak earst foar in jier útfiere mei de bedoeling om dêrnei troch te gean. Jansma wie earder foarsitter fan de ôfdieling Winsum fan it ljeppersbûn. Froukje Hoekstra út Drylts wurdt de nije siktaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)