Ljeppers Westerein: fernuvere

10 maaie 2005 - 14:18

John Burghout fan de fierljepôfdieling De Westerein is fernuvere oer it beslút fan sân ôfdielings om it opstapte haadbestjoer wer werom te freegjen.

Ferline wike stapte it haadbestjoer op, omdat De Westerein him net dellizze woe by it beslút fan de technyske kommisje, om de skâns fan de Westerein ôf te keuren. Sân fan de acht ôfdielings, ek Grypstjerk, wolle lykwols dat it bestjoer oanbliuwt. Burghout set in advokaat op saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)