Ljepper Galama teloarsteld

24 aug 2014 - 12:42
  • Oane Galama

By it NK fierljeppen op It Heidenskip wie sneon opskuor. Oane Galama, winner fan it klassemint fan it Frysk Ljeppers Boun, soe yn syn tredde fiere sprong krekt bûten de tastiene tiid ljept ha. It ljocht stie al op read. Galama wachte efkes, omdat de pols fan Age Hulder, dy't op de barte njonken him in wietsprong hie, hinderlik foar sýn skâns delgong.

De wedstrydlieding diskwalifisearre Galama earst, mar begûn der doe oer te diskusjearjen. Uteinlik is Galama as ekstra ljepper yn de finale kaam. Hoefier't syn sprong wie, is net bekendmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)