Lj'diel wol keazen boargemaster

19 jun 2003 - 00:00

Undernimmers yn Ljouwerteradiel wolle dat de nije boargemaster fan de gemeente keazen wurdt. De ûndernimmers skriuwe dat yn in brief oan kommissaris Nijpels. No't it kabinet oer in keazen boargemaster gear sil, moat mei dizze aksje Ljouwerteradiel de earste gemeente wurde dêr't mei it nije systeem útein set wurdt.

Der moat lykwols earst in waarnimmend boargemaster oansteld wurde, om de ferkiezing ta te rieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)