Lizzing Ljouwert útdaging KH

07 okt 2013 - 17:24
  • Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa 2018
  • It logo fan Umea 2014 sil de Friezen bekend foarkomme...

De lizzing fan Ljouwert kin wolris de grutste útdaging wurde om fan de Kulturele Haadstêd in Europeesk súkses te meitsjen. Dat stiet yn it sjueryrapport dat moandei frijjûn is. De sjuery is fierder fol lof. Sa hat Ljouwert dúdlik makke dat je nei Europa sjen kinne as netwurk fan ferskate mienskippen. Ek it natoeraspekt yn it Ljouwerter bidbook wurdt bot wurdearre.

Mar der is ek krityk. Sa moat de organisaasje fersterke wurde en moat hurd wurke wurde om Ljouwert op de Europeeske kaart te setten.

Ljouwert krijt dêrom it advys om de gearwurking te sykjen mei it Sweedske Umea. Dy stêd, dy't 600 kilometer boppe Stockholm liet, is takom jier kulturele haadstêd fan Europa en it bot dwaande mei ko-kreaasje, it realisearjen fan projekten yn gearwurking mei oare stêden en regio's. Umea is op it stuit dwaande mei in 'roadshow' troch Europa om bekender te wurden. Yn Amsterdam brocht boargemaster Crone fan Ljouwert al in besite oan dy roadshow.
Fierder moat de organisaasje fan Ljouwert foaral trochgean om jongerein in sintraal plak te jaan by de organisaasje, sa skriuwt de sjuery. Dy binne nedich om by te bliuwen yn de technyske ûntjouwings fan dizze tiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)