Lizzers pleatst foar nije brêge by Burgum

15 des 2015 - 11:36
  • De lizzer foar de nije brêge by Burgum wurdt pleatst
  • De âlde brêge by Burgum oer it Prinses Margrietkanaal

De nije brêge by Burgum krijt hieltyd mear foarm. Haitsma Beton út De Tille en Nije Daam binne dwaande mei it pleatsen fan mei-inoar 56 lizzers. Ferline wike waard al úteinset mei it dellizzen fan de dragers fan de brêge. It ferfier fan de grutte betonnen dielen wurdt benammen nachts dien en oerdeis bûten de spits, ûnder begelieding fan konfoaiweintsjes. De besteande brêge, de Burgumerdaam komt út 1948 en is oan ferfanging ta. Njonken de nije brêge wurdt ek in akwadukt boud.

De nije brêge kostet 30 miljoen en wurdt betelle troch it Ryk.

Ien en oar is ûnderdiel fan de projekten 'Vaarweg Lemmer-Delfzijl' en 'De Centrale As'. Doel is dat gruttere skippen fan 110 by 11,4 meter makliker en flugger troch it Prinses Margrietkanaal farre kinne. Dêrfoar waard de farwei by Burgum de lêste jierren ek djipper en breder makke. Neist de brêge fan Burgum wurde noch fiif oare brêgen ferfongen. De âlde brêge by Burgum wurdt pas ôfbrutsen as de nije klear is, sadat it ferkear der gjin lêst fan hat. Yn it tredde fearnsjier fan 2016 moatte de earste auto's oer de brêge hinne ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)