Lizzers pleatst foar Heak

19 nov 2013 - 11:42
  • De lizzers wurde mei in grutte kraan te plak lein
  • De balken wurde mei frachtweinen oanfierd

By Wurdum binne grutte lizzers pleatst foar de oanlis fan de Heak om Ljouwert. De lizzers binne foar it nije fiadukt Brédyk. Rykswettersteat is op it stuit dwaande mei it oanlizzen fan mei-inoar 14 fiadukten foar it nije ferkearsknooppunt Werpsterhoeke. Dizze wike binne mei-inoar 24 betonnen balken pleatst. De lizzers binne sa'n 28 meter lang en 58 ton swier.

It binne dwersbalken dy't it weidek drage moatte. Se wurde mei frachtweinen oanfierd en mei grutte kranen te plak lein. Dêrfoar wurdt it ferkear ferskate kearen stillein.

De nije dyk oan 'e súdwestkant fan Ljouwert ferbynt de A31 by Marsum mei de N31 by Hemriksein. De heak moat ein 2014 klear wêze en moat de haadstêd better berikber meitsje.

Rykswettersteat advisearret automobilisten om foarearst goed op de omliedingsbuorden ôf te gean, en net te fertrouwen op it navigaasjesysteem. Net allinnich tusken Grou en Ljouwert sil fertraging troch files wêze, ek op oare tagongsdiken nei Ljouwert. Oer in jier sil de grutste oerlêst foarby wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)