Liveblog: Tall Ships Races 1

03 jul 2014 - 13:05

Yn Harns binne tongersdei de Tall Ships Races begongen. It is foar it earst dat de organisaasje fan dit ynternasjonale evenemint in Nederlânske havenstêd útkeazen hat as starthaven. Mei-inoar dogge 65 Tall Ships út fyftjin lannen mei de jierlikse race. It is ien fan de grutste nautyske eveneminten yn Nederlân.

De Tall Ships Races duorje fjouwer dagen en begjinne tongersdei mei in Sail In. Op dizze side op www.omropfryslan.nl folgje jo de Tall Ships Races fan minút oant minút. Besjoch ek wat der skreaun wurdt op de sosjale media.

Foar nijstips oan de redaksje kinne jo maile nei: redaksje@omropfryslan.nl. Foto's kinne stjoerd wurde nei: foto@omropfryslan.nl of fia Twitter mei #simmer14.

Ferfarskje jo side foar de lêste berjochten troch op F5 te drukken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)