Liveblog: Hearrenfean-Cambuur

19 okt 2014 - 10:39

It is snein de dei fan de 'Fryske Derby'. SC Hearrenfean, de nûmer seis fan de kompetysje, nimt it yn eigen hûs op tsjin SC Cambuur. De Ljouwerters steane op dit stuit op it fjirde plak. Yn dit liveblog om www.omropfryslan.nl folgje jo alles om de wedstriid hinne. Wat bart der op de sosjale media, yn it stadion en yn de rest fan Fryslân. De wedstriid is fansels ek streekrjocht te folgjen op Omrop Fryslân Radio.

Ferfarskje jo side foar de lêste berjochten troch op F5 te drukken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)