Liveblog: de Fryske derby, SC Cambuur - SC Hearrenfean

15 feb 2015 - 10:00

It is snein de dei fan de twadde 'Fryske Derby' fan dit seizoen. SC Cambuur, de nûmer alve fan de kompetysje, nimt it yn eigen hûs op tsjin SC Hearrenfean. Hearrenfean stiet op dit stuit op it sechsde plak. De earste konfrontaasje tusken beide Fryske ploegen yn oktober einige yn 2-2.

Yn dit liveblog folgje jo alles om de wedstriid hinne. Wat bart der op de sosjale media, yn it stadion en yn de rest fan Fryslân. De wedstriid is fansels ek streekrjocht te folgjen op Omrop Fryslân Radio. De útstjoering begjint om 12:00 oere, de wedstriid om 12:30 oere.

Ferfarskje de side foar de lêste berjochten troch op F5 te drukken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)