Liveblog: De Fryske derby

31 jan 2016 - 12:09
  • De spilers fan SC Hearrenfean komme oan by it Cambuurstatdion
  • Cambuurfans rinne mei-inoar fan it sintrum nei it stadion

It is derbydei yn Ljouwert. SC Cambuur nimt it om 14:30 oere yn eigen hûs op tsjin SC Hearrenfean. De spilers fan SC Hearrenfean binne net allinnich, want der binne sân bussen mei fans nei Ljouwert ûnderweis. Dat hiene der noch wol mear wêze kinnen, mar de kapasiteit fan de úttribune yn it stadion fan Cambuur is mar beheind. 

Yn dit liveblog folgje jo alles om de wedstriid hinne. Wat bart der op de sosjale media, yn it stadion en yn de rest fan Fryslân? De wedstriid is fansels ek streekrjocht te folgjen op Omrop Fryslân Radio en fia de radiostream op omropfryslan.nl

Ferfarskje de side foar de lêste berjochten troch op F5 te drukken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)