Live-debat Omrop Prinsjesdei

17 sep 2013 - 10:25
  • Prinsjesdei

Omrop Fryslân stjoert op Prinsjesdei in live-debat út út Den Haag wei. Op de 'Fryske Ambassade' dêr sille tal fan Fryske pommeranten en politisy reagearje op de kabinetsplannen dy't presintearre binne yn de troanrede fan kening Willem-Alexander. It debat is fan 16.00 oant 18.00 oere. It is streekrjocht te folgjen op radio, televyzje en op www.omroplive.nl. Andries Bakker en Eric Ennema liede it petear.

Fryslân stiet de hiele wike sintraal yn Den Haag op it Prinsjesfestival. Yn de Fryske Ambassade binne tal fan promoasje-aktiviteiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)