Liuwen Pantera nei Súd-Afrika

24 jun 2014 - 16:25
  • Tiger yn Pantera

Seis liuwen út rôfbiste-opfangsintrum Pantera yn Nijeberkeap ferhúzje takom wike. Se gean nei it VierVoeters-reservaat yn Súd-Afrika. Dêr sille se yn in natuerlike omjouwing útsetten wurde.

Pantera is begjin dit jier begûn mei in grutte ferbouwing. De ferbliuwen foldienen net mear oan de easken fan dizze tiid. Der sille yn de takomst minder bisten opfongen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)